Sympoasium oer Westergosône

19 sep 2009 - 13:34

De technyk en de middelen om enerzjy út gewaaksen, ôffal en rioelwetter te heljen binne der wol, mar dy wurde hast net brûkt. En dat moat oars, wie it boadskip fan wittenskippers op it sympoasium 'Westergozone energiek aan de slag' dat yn Frjentsjer holden waard by de Agraryske Dagen.

Der binne wol ûndernimmers en boeren dy't reststoffen omsette yn enerzjy, lykas boeren mei in biogasynstallaasje, mar ek stêden, wenwiken en doarpen moatte oan 'e slach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)