Sympoasium oer Waad op Skylge

06 mrt 2009 - 13:53
  • Is de haven fan Skylge klear foar de takomst?

It waadgebiet moat him rjochtsje op it ekotoerisme. Ek moatte de eilannen en de waadkust better opinoar oanslute. Dat is freed sein op in sympoasium fan de Raad voor de Wadden op Skylge. De Ried makke in rapport oer de takomst fan it waadgebiet. Der is sjoen nei de ûntwikkelingsmooglikheden fan it waad en de ekonomyske gefolgen derfan.

Op it sympoasium prate se oer de havens. Der komme hieltyd mear en gruttere skippen. Dêr moatte feilige foarsjennings foar komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)