Sympoasium oer takomst bewegingsagogy

13 apr 2015 - 21:22

Bewegingsagogy - sportive aktiviteiten dwaan mei minsken mei in beheining - stiet ûnder druk troch besunigings yn de soarch. CIOS Nederlân wol bewegingsagogy dêrom in nije ympuls jaan.

De fjouwer CIOS-skoallen yn Nederlân, werûnder ek CIOS op It Hearrenfean, binne om tafel gien en hâlde tiisdei in sympoasium yn it Abe Lenstrastadion mei as gast kabaretier Vincent Bijlo. Doel is om dizze wize fan bewege ûnder de oandacht te hâlden en wer populêrder te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)