Sympoasium oer rol húsdokter

26 okt 2014 - 11:19
  • Húsdokter

De FNP hâldt op 25 novimber yn it Posthûs op It Hearrenfean in sympoasium oer de soarch. Dêryn wurdt foaral praten oer de rol fan de húsdokter. Dy krijt neffens de FNP fan 1 jannewaris ôf in folle wichtiger rol troch alle feroarings yn de soarch. De partij fynt dat dêr omtinken foar komme moat.

Op it sympoasium binne ferskate sprekkers, ûnder oare fan it ministearje fan Folkssûnens. Fertsjinwurdigers fan de thússoarch en de mantelsoarch fertelle oer de swierrichheden dy't neffens har te ferwachtsjen binne en hoe't dy oplost wurde kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)