Sympoasium oer langer thús wenje by de NHL

13 okt 2015 - 10:44

Op de NHL yn Ljouwert giet tiisdeitemiddei in kampanje fan start om âlderein te ynformearjen oer hoe't se langer thús wenje kinne. Platform GEEF (Gezondheid Expertise en Educatiecentrum Friesland) organisearret by de start fan de kampanje in sympoasium oer it langer thús wenjen.

Der binne in soad technyske helpmiddels, wêrtroch de âlderein langer thús wenje kin. Mei de kampanje komt dy groep yn 'e kunde mei guon fan dy technyske helpmiddels. Der is by it sympoasium ek in lytse mobile wente mei ferskate technyske snufkes.

Der wurde op it sympoasium sa'n 100 belangstellenden ferwachte. De gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en Smellingerlân binne ek belutsen by de kampanje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)