Sympoasium oer duorsum buorkje

06 nov 2014 - 07:15
  • Kij

Op in minysympoasium sille 54 studinten fan Hegeskoalle Van Hall Larenstein tongersdei harren rapporten presintearje oer de saneamde 'kringlooplânbou'. De studinten dienen de ôfrûne moannen ûndersyk by 20 boeren nei de duorsumens fan it bedriuw. Dêrby seagen se nei de biodiversiteit, it gebrûk fan antibioatika, de libbensdoer en de wize wêrop't de boer wurket.

Op it sympoasium jouwe de Van Hall-studinten it stokje oer oan studinten fan it Nordwin College. Dy sille de konklúzjes út de rapporten no omsette yn konkrete advizen foar de boeren.

It projekt "Duorsum buorkje yn de Fryske Wâlden" wurdt útfierd yn opdracht fan de Noardlike Fryske Wâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)