Sympoasium muzykblessueres

29 okt 2013 - 17:11

Revalidaasje Fryslân hâldt sneon yn Beetstersweach in grut ynternasjonaal sympoasium oer muzykblessueres by sjongers en by koper- en houtblazers. Der komme sprekkers út de hiele wrâld.

Revalidaasje Fryslân hat al fyftjin jier in polyklinyk foar muzykblessueres. Mar muzikanten binne faak benaud om oan te jaan dat se klachten hawwe. Se tinke dat se it plak yn it orkest kwytreitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)