Sympoasium Fryske Wâlden

23 apr 2014 - 07:22

De biodiversiteit fan it nasjonaal lânskip Noardlike Fryske Wâlden stiet woansdei sintraal op in sympoasium. De gearkomste is in inisjatyf fan agraryske natuerferiening NFW, lânskipsbehear Fryslân en Altenburg ekologysk ûndersyk.

Mei it sympoasium freegje de partijen oandacht foar de bysûndere aspekten fan it lânskip en it ûnderhâld dêrfan. Dêrneist wurde de útkomsten fan it ûndersyk nei biodiversiteit presintearre en de ambysjes foar it agrarysk natuer- en lânskipsbehear útsprutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)