Sympoasium foar boerinnen

18 jan 2010 - 13:21

In sympoasium foar froulike agraryske ûndernimmers hat moandei sechstich belangstellenden lutsen. Der waard praat oer in balâns tusken wurk en privee en oer hoe om te gean mei personiel. Froulju binne op de pleats faak ferantwurdelik foar it sosjale aspekt.

Mei in goede organisaasje moat der mear romte wêze foar in priveelibben mei de húshâlding. Dat is it boadskip fan AB Fryslân dy't it sympoasium organisearre hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)