Sylvia Smit werom by SC H'fean

19 jul 2014 - 14:36

Fuotbalster Sylvia Smit komt werom by Sportklup Hearrenfean, dat meldt RTV Noord. Se hat dizze wike in kontrakt foar in jier tekene. De spylster út Stadskanaal wie yn de perioade 2008 oant 2011 ek al aktyf foar de Fryske klup. Dêrnei spile se foar PEC Zwolle. Neist spylster wurdt Sylvia Smit ek trainster fan de beloften fan de froulju fan SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)