Sylster Marit Bouwmeester kin earste plak amper hâlde op EK

03 mrt 2016 - 22:27

It is op it kantsje ôf, mar sylster Marit Bouwmeester fan Warten giet noch hieltyd oan de lieding op it it Europeesk kampioenskip Laser radial yn Gran Canaria. Yn de trije wedtriden fan tongersdei finishte se as tsiende, as seisentweintichste, en as fjirde. De minste wedstriid mei se ôflûke fan har totaal.

"Ik hie twa kear in minne start," sei Marit nei ôfrin fan de race. "Net skerp. Ik wist dat it better moast yn de lêste race. Dat slagge. Ik doch noch mei."

De Fryske sylster hat no 24 punten, en dêrmei stiet se noch mar ien punt foar op de nûmer twa, de Sweedske Josefin Olsson. Freed is de lêste dei fan it kampioenskip. Der steane noch trije wedstriden op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)