Sylster De Jong kin sneon starte

14 aug 2004 - 13:26

Sylster Petronella de Jong fan Sint Japik kin sneon dochs oan de start ferskine by de Olympyske Spullen yn Atene. De Jong makke in goeie lêste trening foar de kust fan Attika, neidat se de lêste dagen wat siik west hie.

Troch in firusynfeksje hie De Jong wat lest fan har lykwichtorgaan, mar dat probleem liket wer oerbettere. Ut medysk ûndersyk die bliken dat der fierder neat oan de hân is. De Jong kin dus sneon starte yn 'e Yngling-klasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)