Sylskip út Terherne stellen

21 maaie 2004 - 00:00

De Snitser wetterplysje is op syk nei in stellen sylskip út Terherne. De Fox 22 fan mear as 20.000 euro waard ferline wike freed in wykein lang ferhierd troch it bedriuw Sailing Point oan in man út Winschoten.

De man belle snein noch dat de boat in dei letter werombrocht wurde soe, mar hy en syn maat kamen hielendal net mear werom. De kajútsylboat is 6,4 meter lang en hat de namme Fox 5. De man hat earder minsken oplichte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)