Sylrace letter fan start

30 jun 2007 - 13:02
  • De skippen wachtsjend yn de Harnzer haven
  • ...en even letter koerse se nei iepen wetter

De Harns-Hull-Harns sylrace is sneon twa oeren letter fan start gien as bedoeld. Der soe om alve oere start wurde, mar troch heech wetter koene de slûzen by it Waad net iepen. Dêrtroch koene de 23 skippen dy't meidogge net nei it startplak yn it Kimstergat farre.

Yntusken binne de skippen wol fuort. Neffens de organisaasje hat de lettere start gjin konsekwinsjes foar de race.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)