Sylkamp foar jonge asylsikers

31 jul 2006 - 12:05

De sylstifting Aeolus giet kommende wike op de Fryske marren te silen mei allinnichsteande minderjierrige asylsikers. De stifting wol der sa foar soargje dat de bern in leuke wike ha en wat mear oer Nederlân leare.

Aeolus tinkt dat soks better slagget op in sylkamp as mei in ferplichte ynboargeringskursus. De stifting giet al jierren te silen mei jongeren. It giet bygelyks om bern mei in handikap of bern út gesinsferfangende tehuzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)