Syljachten fêst by Skier

22 jul 2009 - 16:02

It Sweedske syljacht Amely Rose rekke woansdeitemiddei op de Noardsee oan de grûn. Dat barde noardwest fan Skiermûntseach. It syljacht wie mei twa minsken oan board op wei fan Ingelân nei it Dútske Borkum. It skip is wer flot lutsen mei help fan de rêdingsboat fan it KNRM-stasjon op Skiermûntseach.

Ek in Dútsk jacht kaam op itselde plak fêst te sitten, mar dat koe sûnder help wer fierder farre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)