Syljacht mei Basken yn Harns

07 okt 2010 - 00:50

Yn de haven fan Harns lei woansdei in sylskip oan mei Basken út Spanje dy't op in bysûndere missy binne. De Basken reizgje fjouwer jier oer de wrâld om lesmateriaal oer de fersmoarging fan de see te meitsjen foar skoalbern yn har lân.

Op de sylreis nimme sy filmkes op mei natuerbehearders oer de ynfloed fan fersmoarging op bisten. Sy kamen nei it Fryske Waadgebiet om in filmke op te nimmen oer de leppelbekken dy't hjir alle jierren briede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)