Syljacht fêstrûn by Starum

10 jun 2009 - 14:22
  • Syljacht yn 'e nacht

In syljacht is yn 'e nacht fan tiisdei op woansdei stykjen bleaun foar de haven fan Starum. It jacht rûn fêst op de stiennen by de yngong fan de âlde haven. De stiennen sloegen in grut gat yn it skip.

De twa bemanningsleden binne troch meiwurkers fan de rêdingsboaten Alida en Narwal fan harren jacht helle. It skansearre jacht waard earst mei linen fêstlein. In berger hat de boat woansdei fuorthelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)