Syljacht fêstrûn by It Amelân

08 nov 2013 - 10:33
  • Syljacht by It Amelân op strân fêstrûn

By Hollum op It Amelân is yn de nacht fan tongersdei op freed in skip op it strân fêstrûn. It jacht Rio fan in siler út Hamburg lei foar anker by it eilân, mar rekke op drift en kaam oan de grûn te sitten.

In shovel hat ûnderwilens oan de seekant in kûle makke by de kyl, sadat it wetter der better by kin. By heechwetter sil de rêdingsboat fan it eilân besykje it skip flot te lûken. De boat hat fierders gjin skea oprûn en kin aanst selsstannich wer fierder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)