Syljacht fermist op Waadsee

23 jul 2012 - 14:38
  • De haven fan Borkum

In it gebiet tusken Lauwerseach, Skiermûntseach en it Dútske Waadeilân Borkum wurdt moandei troch de Kustwacht socht nei in fermist syljacht. It skip is sneon fuortgien fan Lauwerseach rjochting Noordpoldersyl yn Grinslân en soe doe fierder nei Borkum, mar is dêr nea oankaam.

Tusken de middei is in sykaksje op tou set, in helikopter siket it gebiet ôf. Nei alle gedachten binne der twa minsken oan board, it is net bekend wat de thúshaven fan it skip is. De Dútske kustwacht siket mei in rêdingboat nei it skip.

Ek is oan skippen op it Dútske en Nederlânske wetter frege om nei it syljacht út te sjen. Yn 'e rin fan 'e middei kaam it berjocht dat in jacht dat oan de beskriuwing foldocht út de haven fan Borkum gien is, mar it is net wis oft it om itselde jacht giet. De sykaksje giet dan ek noch troch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)