Syljacht fan FSC-hout

03 maaie 2003 - 00:00

By skipstimmerbedriuw Prins & Porsius yn Warkum is út ein set mei it bouwen fan in sylboat fan saneamd FSC-hout. It FSC-karmerk jout oan dat it hout ôfkomstich is út bosken dy't duorsum beheard wurde.

It syljacht wurdt it earste jacht dat folslein fan sok hout makke wurdt. Op 11 juny moat de boat klear wêze, want dan is de doop yn Warkum. It inisjatyf foar de bou komt fan de stifting Doen en de stifting Ekohout.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)