Sylfamke opnij mei tallship

12 sep 2013 - 20:51

Christel de Jong fan Mullum siet op it tallship de Astrid dy't ein july foar de Ierse kust op de klippen rûn. Neffens it Ierske rêdingsteam wie it in lyts wûnder dat alle tritich minsken feilich oan lân kaam binne. Mar Christel is net bang wurden fan har aventoer, se is al wer drok dwaande mei de tariedings foar har nije avontoer, ein oktober giet se wer mei in tallship de see op. Dy reis stie al langer pland, de trip mei de ûngelokkige Astrid wie bedoeld as tarieding.

Neffens Christel hoecht se net bang te wêzen, men sinkt noait twa kear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)