Sylboat Doutzen te keap

24 jun 2011 - 15:31

De sylboat fan Doutzen Kroes is te keap. De boat leit by wettersportbedriuw De Lits yn Eastermar, it berteplak fan Doutzen.

It Fryske topmodel hat har boat te keap oanbean op Marktplaats foar it goeie doel. Der is al flink op bean, foar tûzenen euro's. In diel fan de opbringst giet nei it projekt Dance4life. Dy organisaasje set him yn foar bern mei aids en HIV. De sylboat fan Doutzen wurdt ek brûkt yn in reklamespotsje fan Douwe Egberts.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)