Sylboat baarnt út yn Ljouwert

19 sep 2014 - 12:11
  • De brânwacht yn aksje by de baarnende sylboat

In sylboat oan de Dokkumertrekwei yn Ljouwert is tongersdeitenacht folslein útbaarnd. It giet om in boat fan sa'n seis meter. Neffens de 34-jierrige eigener moat de brân oanstutsen wêze om't der gjin akku oan board wie en koartsluting dermei útsletten wurde kin.

De plysje sil de brân derom ûndersykje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)