Syktocht troch de brânwacht yn it wetter by Koarnwertersân

06 jan 2016 - 20:01
  • De brânwacht siket mooglik nei in auto

De brânwacht hat woansdeitejûn by Koarnwertersân in skoft yn it wetter fan de Waadsee socht, neidat omstanners in grutte plûns heard hiene. Plysjes seagen ek bannespoaren en rôpen dêrom de brânwacht en ambulânses derby. Nei in oantal kontrôles waard dúdlik dat der gjin auto yn it wetter lei. Wat de plons en de bannespoaren dan wol feroarsake hawwe, is net dúdlik.

Fierderop op de Ofslútdyk wiene ek ûngelokken, dêr rekken oan beide kanten auto's en in frachtwein troch de glêdens yn de berm.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)