Syktocht studinte op sêft sin

02 jun 2011 - 10:10

Der wurdt op de Sleattemermar op it stuit net aktyf socht nei de fermiste studinte út Arnhim dy't ferline wike by in syltocht oerboard sloech. De rêdingswurkers binne wol op de mar, mar der wurdt net dregd. Fanwege it moaie waar wurde der in soad wettersporters ferwachte op de mar.

De 24-jierrige studinte sloech ferline wike mei noch fjouwer oare opfarrenden oerboard, doe't it ynienen min waar waard. De oare minsken koene wol rêden wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)