Syktocht skip Jacob Benckes

25 okt 2014 - 12:23
  • Jan de Vries ûndersiket de histoarje fan Jacob Benckes

By it Karibyske eilân Trinida-Tobago is mooglik it yn 1677 sonken Nederlânske skip 'Huis te Kruiningen' fûn. Jacob Benckes út Koudum wie yn de 17e ieu de opperbefelhawwer op dat skip. Jan de Vries út Koudum docht ûndersyk nei it libben fan Benckes en fynt it bysûnder dat it skip mooglik fûn is. Dochs is hy net wis oft it wol it wrak fan 'Huis te Kruiningen' is. Ut dokuminten dy't De Vries ûndersocht hat, docht nammentlik bliken dat it skip ferbaarnd wêze soe.

Benckes libbe fan 1637 oant 1677. De ynformaasje dy't it undersyk nei Benckes opsmiten hat, wol De Vries útbringe yn in boek. Dêrfoar sil hy yn petear gean mei in útjouwer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)