Syktocht siler giet fierder

21 okt 2009 - 11:37

De Ljouwerter siler, dy't sûnt moandei fermist wurdt, is noch altyd net fûn. Plysjeminsken fan de KLPD binne ek woansdei de hiele dei noch oan it sykjen op de Iselmar.

Dêr, foar de kust by Gaast, waard moandeitejûn syn sylboat leech oantroffen. Nei alle gedachten is de 68-jierrige man earder dy dei oerboard slein. At dat sa is, is de kâns dat er noch yn libben is útsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)