Syktocht op de Iselmar staakt

23 feb 2012 - 19:03
  • Rêdingsboat KNRM

De syktocht nei de twadde opfarrende fan it sleperke út Koarnwert dat tongersdeitejûn sonk op de Iselmar by Den Oever is oan de ein fan de middei staakt. It is te tsjuster om fierder te sykjen. It skip is earder op de dei boppe wetter helle en sil no ûndersocht wurde troch de plysje, yn de hoop mear dúdlikheid te krijen oer de oarsaak fan it sinken.

Tongersdeitemiddei waard it lichem fan ien fan de twa bemanningsleden fûn,

It sleperke sonk woansdeitejûn, neidat it fanút Harns fia de slûzen by Koarnwertersân it Iselmar opfearn wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)