Syktocht om 'e nocht

22 aug 2006 - 10:02

De plysje en brânwacht fan Ljouwert hawwe snein yn it Zamenhofpark socht nei in mooglike fermist berntsje. Kuierders yn it park seagen in lyts fytske ticht by it wetter lizzen sûnder dat der ien by yn de buert wie. De plysje waard op de hichte brocht. Dy hat it hiele park troch west.

De brânwacht hat mei dûkers noch yn it wetter socht. Der waard neat fûn. De plysje hat ek gjin melding fan in fermissing krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)