Syktocht nei ynsittenden boat

31 mrt 2012 - 13:26

De plysje siket sneon mei boaten en in helikopter op de Hegemermar nei de ynsittenden fan in sylboat. Dy sloech yn 'e buert fan Wâldsein om. Oan board wiene fjouwer minsken. In brânwachtman dy't oan de mar wennet, seach dat in tal opfarrenden yn it wetter lei en in pear oaren op de kyl sieten. Hy warskôge de helptsjinsten.

De boat is in Polyvalk-sylboat, de opfarrenden ha neffens de plysje in swimfest om. It boatsje komt fan in sylskoalle yn de buert, mar ek dy skoalle wit fan neat.

De plysje hâldt der rekken mei dat de opfarrenden alwer op de kant steane, mar dat net trochjûn hawwe. De plysje freget harren yn dat gefal 1-1-2 te beljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)