Syktocht nei ynbrekkers

03 nov 2010 - 09:56

De plysje hat tiisdeitenacht socht nei ynbrekkers. In befeiligingsmeiwurker krige in melding fanút in tankstasjon yn Gytsjerk. Doe't er dêr oankaam, naaiden de ynbrekkers út.

De plysje woe de twa krekt bûten Gytsjerk oan de kant sette. De bestjoerder negearde it stopteken en in wylde achterfolging wie it gefolch. Dy einige yn Noardburgum tsjin de sydgevel fan in hûs. De bestjoerder draafde hurd fuort. De plysje hat de manlju noch net wer fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)