Syktocht nei Wouda staakt

11 apr 2006 - 10:46

Der wurdt by kamping Skarsterrien by Boarnsweach net fierder socht nei de fermiste Remco Wouda fan de Lemmer, dy't begjin jannewaris ferdwûn. Sûnt dy tiid is der in pear kear socht yn it wetter by de kamping. Ofrûne freed is it wetter foar in grut part fuortpompt en is mei dûkers socht, mar dat hat neat opsmiten.

Nei oerlis tusken boargemaster Kuiper fan Skarsterlân en de plysje is besletten om earst net wer te sykjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)