Syktocht nei surver Iselmar

09 jul 2013 - 19:19
  • Iselmar

Yn totaal fiif rêdingsboaten ha tiisdei socht nei in fermiste surver op de Iselmar, werûnder dy fan Hylpen. De surver wie om trije oere fuort gien fanút Warkum.

De kustwacht yn Den Helder krige krekt nei seis oere in melding fan de fermissing. De surver is nei in oere yn de buert fan Makkum fûn troch ien fan de rêdingsboaten. Ek in helikopter fan fleanbasis Ljouwert waard alarmearre. De surver liet witte dat hy op eigen krêft wer nei Warkum komme koe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)