Syktocht nei kanofarders

02 sep 2001 - 00:00

Rêdingswurkers hawwe sneon op de Waadsee om trije kanofarders socht. De wettersporters hiene harren by de fjoertoerwachter fan Skiermûntseach oanmeld. Dat moat foar de feiligens.

Doe't de fjoertoerwachter de kano's net mear seach, sloech er alarm. De rêdingswurkers fûnen de farders eefkes letter. Se hiene in oare rûte keazen fanwege maleur en harren net ôfmeld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)