Syktocht nei jonkje: misferstân

05 jul 2004 - 11:06

De plysje en de brânwacht ha sneontejûn socht nei in Dútsk jonkje by de Tsjûkemar. Neffens in telefoanyske melding wie in swimfest fûn, mar wiene it jonkje en syn boat nergens te finen. Nei in skoftsje waarden trije Dútske drinkelingen fûn op in omsleine boat.

It die bliken dat de plysje de melding ferkeard ferstien hie. De frou hie sein dat har trije freonen omslein wiene. De drinkelingen binne oerbrocht nei it sikehûs yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)