Syktocht nei it poëtysk karakter fan Heavy Metal

25 jun 2015 - 18:10
  • Heavy Metalteksten foarlêze as pure poëzy
  • De byienkomst Heavy mei taal yn de biblioteek

Heavy metal-muzyk hat faak poëtyske songteksten dy't goed trochtocht binne. Mar dy teksten binne mei troch de hurde muzyk net altyd tagonklik. Tongersdeijûn is der yn de iepenbiere bibleteek fan Ljouwert de earste edysje fan HEAVY-MET-TAAL. It is in projekt fan Pieter Oevering, studint oan de Academie voor Popcultuur en sjonger fan de metalband Insurrection.

Metalbands út de regio drage teksten foar as gedichten, sûnder de muzyk derby. Doel is om it publyk te ynspirearjen en mear stil te stean by de taal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)