Syktocht nei giffetten stillein

13 jan 2004 - 00:00

De Keninklike Marine is ophâlden fan sykjen nei de 63 giffetten dy't yn de Noardsee lizze. It waaide tiisdei te hurd en de golven wiene te heech om troch te gean mei de syktocht. It is noch net dúdlik wannear't fierder socht wurdt.

De fetten sieten yn trije konteners op in skip. Dy binne op 21 desimber oerboard slein. De konteners binne lokalisearre. Se lizze in eintsje út de kust fan Tessel en Flylân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)