Syktocht nei gewear Aldlemmer

31 aug 2014 - 09:35

De plysje hat sneontenacht yn Aldlemmer in man fan 33 út dat doarp oanhâlden omdat er in pear jongeren mei in gewear bedrige hawwe soe. Even nei trijen krige de plysje in melding oer jongeren dy't in stek oan it fernielen wienen. De jongeren fertelden dat se troch in man mei in buks bedrige wienen, en dat se mei in stik hout slein wienen.

De man is oanhâlden. In syktocht nei it gewear en it slachhout smiet neat op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)