Syktocht nei Fryske matroas

20 maaie 2009 - 12:08

It korps lanlike plysjetsjinsten siket op dit stuit yn de haven fan Sliedrecht nei in 33-jierrige matroas út Tsjummearum. Dy wurdt sûnt sneintejûn fermist, doe't er net werom kaam op de sleepboat dêr't er op wurket. Hy is dy jûn noch wol sjoen by de haven.

De plysje siket earst mei sonarapparatuer de omjouwing fan de sleepboat ôf. Mocht dêr wat op sjoen wurde, dan sille dûkers it wetter yn gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)