Syktocht nei frou Ravenswâld

22 feb 2014 - 14:05

De plysje hat sneontemoarn mei in helikopter socht nei de fermiste Thea Kootstra-Oosting (52) út Ravenswâld. Sy is no al in wike fermist neidat se yn in kafee oan de Vaart Zuidzijde yn Appelskea west hie.

Earder hat de plysje al mei dûkers socht yn de Opsterlânske Kompanjonsfeart en in buertûndersyk holden. Moandei beslút de plysje hoe't de syktocht fierder giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)