Syktocht nei fermiste studint

27 sep 2009 - 11:54

By Skylge is sneon en sneintemoarn socht nei in studint (25) fan de seefeartskoalle. Hy wie yn ferwarde tastân it Waad opgien en is net wer sjoen. Mei fleantugen, helikopters en rêdingsboaten is op it wetter socht nei de man. In part fan de Boschplaat is ek ôfsocht.

Neffens de kustwacht is de kâns lyts dat de man noch libbet as er yn it wetter rekke is. It kin skoften duorje foar't syn lichem weromfûn wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)