Syktocht nei fermiste op Iselmar hat neat opsmiten

05 des 2015 - 16:01
  • Syktocht op Iselmar nei fermiste

De syktocht nei de fermiste man op de Iselmar is stillein. De drinkeling wurdt al in wike fermist. Hy siet ferline wike op in motorboat dy't tusken Urk en De Lemmer sonk. In oare opfarrende, in 68-jierrige Amsterdammer, waard ferline wike snein fûn.

Sneon waard noch mei sonarboaten socht, mar dat hat neat opsmiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)