Syktocht nei fermiste man út Snits giet troch

08 jan 2015 - 12:00
  • Plysjehûn

De plysje giet fierder mei de syktocht nei de fermiste Gert Jan Luimstra (38) út Snits. Tongersdei wurdt yn en om Snits nei de man socht. Ek sil de plysje op it wetter sykje.

Woansdei hat de plysje ûnder oare speurhûnen en in helikopter ynset by de grutskalige syktocht. De plysje hat ek petearen hân mei famylje en freonen fan de fermiste Snitser.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)