Syktocht nei fermiste Jouster

21 apr 2012 - 10:28

De fyts fan de fermiste jonge út De Jouwer is weromfûn. In speurhûn hat in spoar fûn en dêrom is de plysje sneon mei in sykaksje begûn mei in boat op it Nannewiid. Ek wurdt dêr de omjouwing ôfsocht. Yn de rin fan de middei is in plysjehelikopter ynset.

Sûnt woansdei wurdt Tjardo Bosma (19) fermist. Dy middeis wie er oanhâlden om't er in reep stellen hie yn in winkel. Nei't er frijlitten wie, hat gjin ien him mear sjoen. Syn famylje makket him soargen, omdat se gjin kontakt mei him krije kin. Tjardo hat read hier en wurkklean oan.

Der sil trochsocht wurde sa lang't der deiljocht is. It is net bekend oft snein ek wer socht wurde sil. De plysje hâldt alle senario's iepen en nimt de saak tige serieus. De Jouster wie yn it besit fan in OV-chipkaart, it kin dus ek wêze dat hy mei it iepenbier ferfier fuortgien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)