Syktocht nei fermist famke

08 aug 2013 - 13:06
  • De plysje is noch altyd op syk nei de fermiste sylster
  • Syktocht nei fermiste sylster yn Grou

De plysje siket yn Grou nei in 17-jierrich famke út Utrecht. Dat waard woansdeitenacht om in oere as fjouwer foar it lêst sjoen by de haven fan Grou. Dêr stapte se fan in plezierjacht om nei har eigen sylboat te gean. Dêr is se lykwols net oankaam.

Har sylgenoaten hawwe moarns de plysje ynskeakele. Omdat in sykaksje fia Burgernet en Waternet gjin resultaat hân hat, siket de plysje no de omjouwing ôf. Dêrby wurde in helikopter en plysjeboaten ynset. De brânwacht set dûkers yn. Fanwege de syktocht is it wetter om Grou hinne ôfsletten.

As it famke noch net fûn is, giet de syktocht tongersdeitejûn troch oant it tsjuster is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)