Syktocht nei ferdronken jonge

01 aug 2004 - 13:38

De plysje set sonarapparatuer yn by de syktocht nei in jonge yn de Kanadamar by Elslo. De 16-jierrige bewenner fan it azc Appelskea ferdwûn freed by it swimmen ûnder wetter en kaam net wer boppe. Hy swom mei in ploechje freonen. Ien fan harren koe noch krekt op 'e tiid rêden wurde.

Plysje en brânwacht ha freedtejûn socht mei dûkers en hûnen. De mar is 20 by 200 meter grut en op guon plakken wol 30 meter djip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)