Syktocht nei drinkeling

16 jul 2009 - 14:02

De kustwacht hat woansdei socht nei in man dy't boppe Skylge fan in skip fallen wie. De man siet op it Sweedske skip Transwood. Dy fear sa'n hûndert kilometer boppe it eilân doe't de man yn it wetter rekke.

It skip fan de kustwacht hat yn de omjouwing socht nei de man. It krige dêrby help fan in helikopter fan Definsje, in Dútsk skip, in Dútsk fleantúch en helikopter en it Sweedske skip sels. De man waard net fûn. Hy hie gjin rêdingsfest om.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)