Syktocht nei bom yn Ljouwert

02 jun 2006 - 15:16

De EOD wurdt ynskeakele om in bom op te spoaren oan de Poppewei yn de wyk Skieringen yn Ljouwert. De gemeente is dêr op it heden dwaande mei it ferfangen fan it rioel.

By de Poppewei is yn de Twadde Wrâldoarloch mooglik in Dútsk fleantúch delstoarten. It tastel soe ek eksplosiven oan board hân ha. In amateur-argeolooch hat de gemeente dêr op wiisd. It ûndersyk wurdt takom wike tongersdei hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)