Syktocht nei automobilist

14 feb 2012 - 09:54

De plysje is op syk nei de bestjoerder fan in auto dy't yn de nacht fan moandei op tiisdei swier skansearre oantroffen waard op de Kooiweg yn Jistrum. De auto wie tsjin in beam botst mar der siet net ien mear yn de auto. In syktocht yn de omjouwing smiet neat op.

Oan de hân fan it kenteken koe de eigener fan de wein opspoard wurde. Dy hie syn auto útliend, mar wist net wêr't de bestjoerder wie. De plysje stelt in ûndersyk yn nei de bestjoerder en nei de tadracht fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)